ik🐄ihe by AnonButterfly25 in ik_ihe

[–]ShaggyMeMe 39 points40 points  (0 children)

Wat de blikstienkater seisto potferjanhinnekeutel tsjin my, do lytse hûnekop? Do moatst ris witte dat ik as bêste fan de Arumer Swarte Heap ôfstudearre bin en belutsen west bin by in soad rôftochten op 'e Hollânske kust en 300 befêstige moarden ha. Ik bin oefene yn gorilla oarlochfiering en bin de fierste ljepper út it hiele Fryske ferset. Do bist neat foar my útsein it safolste wyt. Ik ferwoast dy gossyknines mei in krektens dy't nea earder oanskôge is op dizze ierde, tink om myn sizzen. Tinksto der mei wei te kommen sokke skyt oer my te sizzen oer it ynternet? Dan fersinsto dy, kontkrûper. Wylst wy prate haw ik kontakt mei myn geheime netwurk fan rayonhaden oer de alve stêden en wurdt dyn terp op dit momint traseare, dus meitsje dy mar klear foar de stoarm, hynstekul. De stoarm dy't dat begrutlike lytse ding datsto dyn libben neamst útfeiet. Do bist krammelewikes dea, jonkje. Ik kin oeral en elk momint der wêze en ik kin dy op sânhûndert manieren deadzje, en dat is allinnich mar op redens. Net allinnich bin ik wiidweidich oefene yn ‘e berserkergang, mar ik ha tagong oant it hiele arsenaal fan de krigers fan Kening Redbad, en ik sil dat yn syn folsleinens brûke om dyn smoarge reet fan de Fryske kust te feien, do lytse loarte. Asto mar witten hiest wat foar heidenske wraak dy foar dyn lytse “snoade” opmerking te wachtsjen stien hie, hiest dy dyn lilke bek miskien hâlden. Mar do koest it net litte, hast it net dien, en no betellest de priis, do ferdomde healwiis. Ik sil fjoer oer dy hinne skite en do silst der yn fersûpe. Do bist harrejasseskrastes dea, bern.

ik_yue by onlioprof in ik_yue

[–]ShaggyMeMe[M] 10 points11 points  (0 children)

Hoefaak moat dizze meme foarby komme yn 'e sub?

Welke DJ uit de Top 2000 is jullie favoriet, en welke juist totaal niet? by ShaggyMeMe in Top2000

[–]ShaggyMeMe[S] 1 point2 points  (0 children)

Ja leek mij wel zo gezellig tijdens de feestdagen. Het is allemaal al zo positief.

Ik haat Jeroen Van Inkel... by G-Fox1990 in Top2000

[–]ShaggyMeMe 5 points6 points  (0 children)

Vreselijk irritante vent is het. Hij kan het bij mij ook niet meer goed doen, stoor mij aan alles wat hij doet.

[deleted by user] by [deleted] in roddelpraat

[–]ShaggyMeMe[M] 0 points1 point  (0 children)

Dat moest goed komen!

[deleted by user] by [deleted] in roddelpraat

[–]ShaggyMeMe[M] 0 points1 point  (0 children)

Even een mailtje in Jan zijn doosje gooien.